Locatie | Dienstencentrum Senioren Lemmer |
Categorie | Volwassenen |
CAFÉ LEMMER SENIOREN | |
Download | Toevoegen aan agenda |
Skriuwer en dichter Joël nimt dy mei yn syn syktocht om eigen teksten yn it Súdwesthoeksk te skriuwen. Nijsgjirrich is ek dyn eigen (streek)taalgebrûk. It Gasterlâns, it Lemsters of de manier sa ast gewoan altyd al praatst, oft dat no in soart fan Frysk is of júst net. Is deryn te skriuwen? Hoe dan en wêrom sa? Nim dyn eigen taal – tink, dyn memmetaal – mei dizze moarn. Mei oare wurden, nim dysels mei! We ha dy der graach by.
Schrijver en dichter Joël neemt je mee in zijn zoektocht om eigen teksten in het Zuidwesthoeks te schrijven. Interessant is ook jouw eigen (streek)taalgebruik. Het Gaasterlands, het Lemsters of de manier zoals je gewoon altijd al praat, of dit nu een type Fries is of juist niet. Valt hierin te schrijven? Hoe dan en waarom zo? Neem je eigen taal – denk, je moedertaal – mee deze ochtend. Met andere woorden, neem jezelf mee! We hebben je er graag bij.
Eftergrûn fan ’e sprekker Achtergrond van de spreker
Joël (* 1995, Sint Nyk) is skriuwer en dichter ûnder de namme Joël Hut en earder ek syn ‘jonkjesnamme’ Huitema. Hy hat it Gasterlâns opfongen fan syn heit en mem. Op dit momint wennet er yn Ljouwert, hat er wurk by in fersekeraar en docht er yn Grins de stúdzje tapaste taalkunde, oer hoe’t it learen fan in nije taal yninoar stekt. Soarchfâldich giet er om mei de foarm en de ynhâld fan syn gedichten. Sa kinst goed in eigen lûd by him tsjinkomme. Tink dêrby ek oan it aspekt fan taal. Hy wol mei syn poëzy sosjale tema’s oankaartsje, wylst er út himsels wei skriuwt. Sa giet er bewust om mei ûnderwerpen as yntimiteit, dichterskip en opstannigens. Sûnt 2013 publisearret er fersen en koarte ferhalen yn ’e tydskriften Ensafh en De Moanne. Hjoed-de-dei skriuwt er syn poëzy net oars as yn it Súdwesthoeksk, de Fryske taal sa’t er dêryn opgroeide. Dat, syn debútbondel yn 2020 is ek al folslein yn dy Fryske streektaal. Yn gearwurking mei Stichting Oud Lemmer presintearre Joël yn 2022 in Lemster wurdboek. Syn dichtbondel ‘wurd för wurd för wurd’ kaam yn 2023 út by Utjouwerij Hispel.
Joël (* 1995, Sint Nicolaasga) is schrijver en dichter onder de naam Joël Hut en voorheen ook zijn ‘jongetjesnaam’ Huitema. Hij ving het Gaasterlands op van zijn ouders. Op dit moment woont hij in Leeuwarden, heeft hij een baan bij een verzekeraar en doet hij in Groningen de studie toegepaste taalkunde, over hoe het leren van een nieuwe taal in elkaar steekt. Zorgvuldig gaat hij om met de vorm en de inhoud van zijn gedichten. Zo kan je goed een eigen geluid bij hem tegenkomen. Denk hierbij ook aan een aspect als taal. Hij wil met zijn poëzie sociale thema’s aankaarten, terwijl hij vanuit zichzelf schrijft. Zo gaat hij bewust om met onderwerpen zoals intimiteit, dichterschap en opstandigheid. Sinds 2013 publiceert hij gedichten en korte verhalen in de tijdschriften Ensafh en De Moanne. Vandaag de dag schrijft hij zijn poëzie alleen maar in het Zuidwesthoeks, de Friese taal zoals hij hierin opgroeide. Zodoende is zijn debuutbundel in 2020 ook al volledig in deze Friese streektaal. In samenwerking met Sticthing Oud Lemmer presenteerde Joël in 2022 een ‘Lemster wurdboek’, een woordenboek van het Lemsters. Zijn dichtbundel ‘wurd för wurd för wurd’ (woord voor woord voor woord) kwam in 2023 uit bij uitgeverij Hispel.
Opgave via Bert Schotanus 0514 - 563566. Kosten voor koffie en/of thee bedragen €2,50 en dienen ter plekke worden afgerekend.
Bieb Café (Digitaal) Lemmer organiseert elke maand in samenwerking met Dienstencentrum Senioren een lezing of workshop.